Sosjaal netwurk dat net te keap is.
Dyn tiidline soe fol stean moatte mei wat foar dy it wichtichste is en net mei wat in bedriuw tinkt datsto sjen moatte soest. Radikaal oare sosjale media dus, werom yn hannen fan de brûker.
Hâld kontrôle oer dyn eigen tiidline
Do witst sels it bêste watsto op dyn tiidline sjen wolst. Gjin algoritmen of advertinsjes om dyn tiid te fergriemen. Folgje elkenien op elke Mastodon-server fan ien account ôf en ûntfang harren berjochten yn gronologyske folchoarder, en meitsje dyn hoekje op it ynternet in bytsje mear as dysels.
Bou dyn publyk yn fertrouwen op
Mastodon biedt dy in unike mooglikheid om dyn publyk te behearen sûnder tuskenpersoanen. Mastodon, ymplemintearre yn dyn eigen ynfrastruktuer, stelt dy yn steat om elke oare Mastodon-server online te folgjen en troch harren folge te wurden, en stiet ûnder kontrôle fan net ien, útsein dy fan dy.
Bjusterbaarlike kreativiteit
Mastodon stipet audio-, fideo- en fotoberjochten, tagonklikheidsbeskriuwingen, enkêten, ynhâldswarskôgingen, animearre avatars, oanpaste emoji, kontrôle oer it bywurkjen fan miniatueren en mear, om dy te helpen dysels online te uterjen. Oftsto no dyn keunst, muzyk of podcast publisearrest, Mastodon stiet foar dy klear.

